november 11, 2017
fan Gebhart Fugel*
Samaritaan, dan noch melaatsk,
dat elkenien seach op my del,
de njoggen sike Joaden ek,
dêr’t ik de iensumens mei dielde,
want de minsken waarden kjel
fan ús gesicht, wat pynlik fielde.
Mar hy dy’t better makke, seach
ús oan, hy harke nei de rop
om mei te lijen yn ús noed;
ik wie ferheard, hy sei: ‘Gean hinne,
nei de pryster ta.’ It fielde goed,
wy waarden better ûnder ’t rinnen.
Myn njoggen maten draafden fuort,
ik tocht: de pryster earst of him
betankje foar myn skjinne hûd…
ik ha de kar foar ’t lêste makke
en fernaam oan eachopslach en stim,
’k gie net mear troch it gea as swakke.
* Gebhart Fugel (1863-1939)
Yllustraasje ‘De tsien melaatske manlju’
november 8, 2017
fan ûnbekend*
Broer Petrus siet hjoed wer foaroan
doe’t Jezus oan it learen wie,
want better learling is der net,
prinshearlik sit er op ’e troan,
hy foel derôf en hie it dus net ret.
In feint, sei Jezus, docht syn plicht,
ek as er nei it wurk fan ’t lân
komt, want it miel moat dan noch klear,
gjin sprake fan in noartsk gesicht,
sa is it feintelibben no ienkear.
Broer Petrus loek in noartsk gesicht
doe’t Jezus sei, wy wiene feint,
dêr kaam it yn ’t bestean op oan,
net oars dwaan as gewoan ús plicht,
dat Petrus moast as feint wol fan de troan.
* Boarne: barefootpreachr.files,wordpress.com