april 18, 2018
fan Leonardo da Vinci*
It is wol wier wat Petrus sei,
dat Jezus ek in foarkar hie,
sa kriich ik njonken him in plak
oan tafel by it lêste miel,
it lêste, sa’t er blike liet,
wat net in fleurich boadskip wie,
it stelde ús net op ’t gemak.
Wol hie er útsjoen nei de dei
dat hy mei ús oan tafel siet
en letter yn Gods keninkryk,
teminsten ’t kaam sa op my oer,
sels Petrus reagearre net,
gjinien wit hoe’t dat letter giet…
is oan dy tafel elk gelyk?
It waard deastil doe’t Jezus sei
by ’t brekken fan it Peaskebrea
dat dit syn eigen lichem wie,
hy naam de beker mei syn bloed,
sa brocht hy dat as teken oer…
soe ’t miel dan tsjutte op syn dea?
Gjinien dy’t wat te sizzen hie.
Noch tryster waard foar ús de dei
doe’t Jezus spriek oer it ferried
troch ien fan ús, dy iet ek mei,
’t joech grutte opskuor, want wa wie ’t?
* Leonardo da Vinci (1452-1519)
Skilderij ‘It lêste nachtmiel’
april 14, 2018
fan El Greco*
Soe Jezus dochs in foarkar ha?
’t Is net omdat wy fisker wiene
dat wy soargje moasten foar it miel;
hy kaam op my en Petrus ta…
soe ’t feest him foar in útspraak liene?
Wy wiene beide daliks ree
fansels, mar wêr soe ’t wêze moatte?
Jezus’ antwurd wie: ‘In man mei krûk
sil jim wol bringe op it stee.’
Wy moasten by him troch de poarte.
Soe Jezus dat foarút al sjen?
Grif sjocht er skerp mei oare eagen,
want de man seach der net frjemd fan op;
hoe’t soks sa maklik trochgean kin,
’t is dat wysels it foar ús seagen.
Net ik, mar Petrus kaam dermei
dat Jezus liet syn foarkar blike
foar syn grutste maten út ’e groep;
dy útspraak kaam by Petrus wei,
al faker hat er ús ferlike.
* El Greco (1541-1614)
Skilderij ‘Sint Jehannes de Evangelist’