september 25, 2024
fan ûnbekend*
Daniël
Ik, Daniël, hie ’t needlot heard:
weiwurden wie Jeruzalem
en ek de timpel hold gjin stân,
sadat ik yn de rouwe rekke,
sûnder kostlik brea en fleis
kaam ’k trije kear sân dagen troch,
noch wyn noch salve brûkte ik,
sa wie ik wiken ûnderweis.
Doe kaam ik út by in rivier
en seach omheech… sjedêr in man:
fan kostber linnen wie syn kleed,
fan goud syn gurdle om de heupen,
grienich ljochten op syn lea,
dy’t strielen as in edelstien gelyk,
syn antlit wjerljochte my ta,
it rekke my… net ta de dea.
Gjinien murk op wat ik dêr seach
as wie ’k allinnich yn it fjild
om de ferskining oan te sjen,
ik wie oan yn it hert ta rekke,
as hie ’k field syn lêste klop.
* Yllustraasje ‘Ferskining oan Daniël’
september 18, 2024
fan David Roberts*
Daniël
Gabriël kaam fleanend oan
by Daniël: ‘Do stiest heech
yn de geunst, dus kom ik nei
dy ta om fier de takomst yn te sjen…
Gods folk krijt it noch dreech.
Earst komt noch it jubeljier,
dat alle sûnde weiwurdt
en gerjochtichheid it wint,
sadat Jeruzalem wer opboud wurdt,
Gods folk komt om troch ’t swurd.
Nei ferrin fan lange tiid,
sjedêr de stêd wurdt wer wei,
ek de timpel hâldt gjin stân,
neat lit de fijân yn syn faasje hiel,
sa stiet de takomst faai.
* David Roberts (1796-1864)
Skilderij ‘De Romeinen ferwoaste Jeruzalem’