augustus 29, 2018
fan Albrecht Dürer*
Dûnse ha ik, troch de poarte,
bliid lykas in bern,
om’t ik troch alles hinne wie,
elk koe it oan my sjen.
Jierren lei ik as ferlamme
keardel foar it each
fan elk dy’t nei de timpel gie,
al bliid dat ien my seach.
Faakris fielde ’k my beskamme
om myn lege hân,
omdat ik noait in folle hie,
want neat brocht ik ta stân.
Mar dat diene wol twa mannen,
samar wie ’k oerein,
in wûnder dat ’k op fuotten stie,
want jierren hie ik lein.
Withoefolle grutte eagen
fan ferwûndering
waard ik gewaar om wat ik die…
gjinien seach my as ding.
* Albrecht Dürer (1471-1528)
Yllustraasje ‘Petrus en Jehannes
litte in lamme man wer rinne’
augustus 25, 2018
fan ûnbekend*
Doe’t Petrus spriek, wie ik derby,
ien fan de withoefolle
dy’t nei him harken op it plein,
dêr’t hy it boadskip brocht mei fjoer
en ’t lûd fan wyn, foar my wie ’t nij,
dus wêrom dan net djipper dolle?
Ik waard ek doopt en gie mei har
dy’t Petrus langer koene,
de minsken heinden my doe op;
elk joech syn eigendommen oer
en makken sa foargoed de kar
foar Jezus, wat wy logysk fûnen.
Wy diele mei elkoar it brea
en jouwe oan de minsken
wêr’t sy wiswier ferlet fan ha;
de timpel jout ús libben stjoer,
grif heart de Heare nei ús bea…
ha wy as mienskip dan noch winsken?
* Sarkofaach ‘Mienskiplik miel fan de earste kristenen’