Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Fan Pilatus nei Herodes

Bibelbylden

fan William Hole*

Ik wol ’t wol earlik witte,
fan ’e moarn wie ik der glêd mei oan,
dat sis ik lykwols net lûdop,
want oars ferlies ik myn gesicht…
in Joad moat nea ’t gesach ferjitte.

Se brochten my in preker,
seine: ’t wie in kening sûnder kroan,
teminsten, sa wie harren rop,
ik frege ’t him, dat wie myn plicht,
mar hy sei neat, fan spanning seker.

Ik siet mei him opskipe
oant ik hearde: ‘Galiléa,
dêr is hy mei ’t gepreek begûn!’
Herodes, tocht ik, ’t is syn gea,
miskien hat hy it swurd al slipe.

Soe ik der dan mei sitte?
Hy moast nei myn kollega ta.

* William Hole (1846-1917)
Skilderij ‘Jezus foar Pilatus’

admin

Tsjinje yn de nacht

Bibelbylden

fan Rembrandt*

Fannacht moast ik betsjinje,
’t wie foar my de earste kear
dat ik de Rie te drinken brocht
sa middenyn de nacht;
se kamen noch foar Peaske gear,
in preker waard al lang fertocht
en opbrocht troch de wacht.

It hat wol oeren duorre,
net it wurk, dat wie gau klear,
wy sieten rêstich om it fjoer
doe’t ik him sitten seach
en sei: ‘Do wiest ek by dy hear!’
Hy reagearre frjemd, oerstjoer,
ik hie him krekt op ’t each.

Noch twa kear waard er hifke:
‘Sûnder mis, do wiest derby!’
Mar hy ûntkende mei in flok:
‘Ik ken dy keardel net!’
Gjinien fan ús die it noch nij
dat hy fan alle lûden skrok…
hy is nei bûten set.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De ferleagening fan Petrus’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum