Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Sulversmid Demétrius

Bibelbylden

fan ûnbekend*

As sulversmid bin ik myn eigen baas
en meitsje timpeltsjes foar Artemis,
dy’t yn ús stêd har timpel hat;
ik makke winst, ’t bedriuw rûn bêst,
de klant wie ek tefreden,
mar sûnt it nije leauwe giet it mis.

It kristenfolkje spilet ek foar baas,
is fan syn eigen falske leauwe wis,
moat neat fan ús goadinne ha
en is foar myn bedriuw in lêst;
ik ha ús folk oproppen
ta aksje, wat hjir gjin gewoante is.

It slagge, ús teäter rekke fol,
de hiele stêd kaam op foar Artemis,
dy’t út ’e himel fallen is,
har byld stiet foar ús muorrefêst;
doe gie it los mei roppen
en razen, foar ús hannel gie it mis.

Uteinlik wie ’t de skriuwer fan de stêd
dy’t oan it wurd kaam foar in kompromis,
wat Artemis en my net rêdt.

* Yllustraasje ‘De sulversmid fan Efeze’

 

admin

Heit en hegepryster Skeva

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Myn soannen hawwe my beskamme
mei’t se misbrûk makken fan de geast
dy’t Paulus ynspirearre
om kweageasten yn de ban te dwaan,
oan earbied hat it har mankearre.

As Paulus woene myn sân soannen
wêze, banne yn deselde geast,
mar ’t is folslein mislearre,
want kweageasten kin men net ferslaan
mei keunstkes dy’t by goaden hearre.

De sike man mei de kweageasten
hat myn soannen allegear ferslein,
sy wiene bot tamtearre;
tsjoenders woene doe gjin keunst mear dwaan,
mar ’t wurd fan Paulus waard wurdearre.

* Yllustraasje ‘De soannen fan Skeva ‘

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum