Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Brief oan de Galatiërs 1

Bibelbylden

fan Paulus*


Galatiërs, ik winskje jimme
frede ta, genede fan de Hear,
syn boadskip ha ik brocht;
jim komme út it westen wei,
Jeruzalem is jimme frjemd,
syn boadskip hoecht men net mei
yn te stimmen.

Ik bin ferheard dat jimme kieze
foar in hiel oar bliid boadskip, net sa klear
as dat ik jimme brocht
ha, mar ik jou myn taak net oer;
jim kar is oan myn boadskip frjemd
en makket elkenien oer-
stjoer, betize.

* Kopy fan Galatiërs 1,1-8 út sirka 200

admin

Brief oan de Korintiërs 15

Bibelbylden

fan Abraham van Diepenbeeck*

Ik moat wol bûtenwenstich sprekke
as skepte ’k op oer eigen dwaan
en sizzen, lykwols wa bin ik?
Twa kristenmisken wiene bûten
dizze ierde, út harsels ek rekke.

It paradys waard iepenbierre,
in fisioen, sa’t ik ek hân
ha ûnderweis, mar wa bin ik?
Ik ha oeral gemeentes moete,
faak mei blidens, soms wie ik beswierre.

Dat bin ik ek op oare wize:
in stikel stekt my yn de lea,
in satansboade slacht mar ta
as moast ik alle dagen boete
dwaan, mar God sil my syn wegen wize.

* Abraham van Diepenbeeck (1596-1675)
Skilderij ‘Heilige Paulus’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum