januari 18, 2020
fan ûnbekend*
Froulju, sier jim net fan bûten
mei djoer goud en moaie klean,
lit jim inerlik mar strielje,
de frou moat sa troch ’t libben gean.
Manlju, sjoch hoe’t froulju
swijend troch it libben gean,
sa it goede foarbyld jouwe,
dat byld biedt jim in bêst bestean.
Froulju, sjoch nei Sara,
dy’t foar jim it foarbyld is,
Abraham seach sy as master,
dat byld wie helder, neat mei mis.
Petrus, do moatst witte
dat de frou lykweardich is
oan de man… emansipaasje!
De tiid feroare wat wie wis.
* Yllustraasje ‘Abraham en Sara’
januari 15, 2020
fan ûnbekend*
Gewoane minsken binne wy,
dy’t ûnder hege hearen steane:
master, keizer, gûverneur;
as wy it goede dogge,
dan sprekt de died ús frij.
Hússlaven, wit altyd jim plak,
wêr’t jim yn opdracht hinne geane,
stel jim master net teloar;
jout hy ûnskuldich klappen,
by God fynst dyn gerak.
Oan Kristus binne jim gelyk,
dy’t ek ûnskuldich klappen krige,
wylst er ynstie foar de oar;
Hy wol de Hoeder wêze,
is jim fertroud ûntwyk.
Ikoan ‘Petrus’