Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Brief fan Petrus 6

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Hoeders hawwe hert foar skiep
en komme foar de keppel op,
as âldsten binne jim ek hoeder;
spylje oer it godsfolk net de baas,
in hoeder mijt it hege krop.

Nim de foarstap, ’t moat sa rinne,
dan sille jim de krânse winne.

Jongelju, wit wol jim plak,
de âldsten rinne foar jim út
om elkenien it paad te wizen,
wês beskieden, doch ’t net mei geraas,
de hoeder nimt foar jim ’t beslút.

Kom mar mei, dan sil it rinne,
de hoeder wit foar wis wêrhinne.

* Yllustraasje ‘Hoeder mei keppel’

admin

Brief fan Petrus 5

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Wês net bang foar ’t lijen
as dat is om Kristus’ wurd
dat yn jim libben bliken docht,
it wurd dat died wurdt, sil befrije.

Wit dat Kristus’ lijen
ús befrijd hat, sadat wy
as frije minsken fierder gean
en ûnderweis de Geast noch krije.

Lit de Geast jim liede
nei de ein dy’t komme sil
mei gauwens, leafde is it ljocht
dat jimme ûnderweis ferspriede.

Wês net bang foar ’t lêste,
wa’t fertrout op Kristus’ wurd,
kin rêstich foar Gods oardiel stean,
Hy wol foar ’t lijend folk it bêste.

* Yllustraasje ‘Lijen fan Kristus’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum