Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Fan macht nei geweld

Bibelbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Daniël

Fjouwer keningen fan Perzië
regearren oer in grut gebiet,
de fjirde baaide yn syn rykdom,
dêr fersterke er syn macht mei:
‘Ik, Ahasfearos, gean op wei!’

Grutte rykdom, macht, dêrnei geweld,
it leger teach nei Grikelân,
mar rêde ’t net mei macht en rykdom,
Alexander naam syn macht mei:
‘Ik gean foar nimmen út ’e wei!’

Grutte wurden, macht, dêrnei de dea,
it wie mei Grikelân ek dien,
ferdield waard Alexanders ryk yn
fjouwer riken: fan de macht nei
geweld, sa rûn al wer de wei.

* Yllustraasje ‘Ahasfearos’
** Yllustraasje ‘Alexander de Grutte’

admin

Sterke wurden

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Daniël

Ik, Daniël, wie stomferheard,
brocht sels gjin inkeld wurd mear út,
mar hearde wol de wurden fan
de man yn ’t kleed fan kostber linnen,
wurden as by tongerslach;
bûten westen rekke ik dêrtroch,
ik lei mei ’t antlit op ’e grûn,
op slach waard ik troch syn hân wach.

‘Heechachte Daniël,’ sa spriek
de man my oan, ‘wês net benaud,
dyn wurden ha my by dy brocht
om tsjin de foarst fan Perzië te
striden… mei foarst Michael;
wês net bang, mar sterk en nochris sterk,
ik ha in boadskip foar dyn folk,
dy tiding lis ik by dy del.’

Sterk fielde ik my troch syn wurd
en harke nei wat hy noch sei
oer twa kear striid, earst tsjin de foarst
fan Perzië, dan fan de Griken:
‘Daniël, dy striid wurdt hurd!’

* Ikoan ‘Daniël’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum