Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Fisioen fan de minskesoan

Bibelbylden

fan ûnbekend*

It barde op it eilân Patmos:
in stim sa lûd as in trompet
klonk my ynienen yn de earen:
‘Watst sjochst, skriuw dat oan sân gemeenten
om har oer Kristus mear te learen.’

Sân kandlers kamen my foar eagen,
dêrtusken stie de minskesoan
mei yn de rjochterhân sân stjerren
as ingels fan de sân gemeenten,
sa waard my Kristus iepenbiere.

Ik foel as dea Him foar de fuotten
en fielde waarm syn rjochterhân:
‘Ik bin de Earste en de Lêste
en ha fan ’t deaderyk de kaaien,
skriuw ’t op, want earder silst net rêste.’

* Yllustraasje ‘Kristus tusken sân gouden kandlers’

admin

Kristus’ iepenbiering

Bibelbylden

fan Jheronimus Bosch*

Wat de ingel trochjûn hat
oan my op ’t eilân Patmos,
is Kristus’ iepenbiering,
sa is ’t wierlik bard.

Lokkich dy’t dit lêst en heart,
it binne wiere wurden
as sprutsen troch profeten,
opskreaun op dit blêd.

Kristus komt de eare ta,
as earste út ’e deaden
is Hy ta libben kommen…
’t is foar ivich sa.

Alleman sil Him ris sjen
as Hy komt mei de wolken,
dat alle folken leauwe,
nimmen giet ferlern.

* Jheronimus Bosch (sirka 1450-1516)
Skilderij ‘Jehannes op Patmos’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum