Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Bonken komme ta libben

Bibelbylden

fan ûnbekend*
fan Gustave Doré**

Ezechiël

De Heare lei de hân op my
en troch syn Geast kaam ’k yn de delling,
dy’t fol mei deade bonken lei.
De Heare frege my: ‘Wat tinkt dy,
kinne se wol wer ta libben komme?’
Ik sei: ‘Dat witte Jo allinne.’

De Heare joech syn wurd oan my:
‘De moatst de bonken libben meitsje,
witst as profeet de goede wei.’

Doe profetearre ik wat my
sein wie, it rûze yn de delling
fan libben: bonken rekken yn
beweging, dêrnei kaam der fleis op,
’t fel seach ik oer alles hinne kommen,
mar soe it sûnder siken kinne?

De Heare joech syn wurd oan my:
‘Sprek oan de Geast út fjouwer streken
wei, dy blaast elk lyk de siken yn.’

Doe profetearre ik wat my
sein wie, it rûze fan de siken,
in machtich leger gie op wei,
it wie it folk fan Israel dat
út it grêf ferrizen wie, it libben
soe troch Gods Geast oan wearde winne.

* Yllustraasje ‘Delling mei bonken’

* Gustave Doré (1832-1883)
Yllustraasje ‘Bonken komme ta libben’
 

admin

Ut namme fan de Hear

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiél

Sa spriek de Hear oer Israel:

‘Myn grime ha Ik stoart oer ’t lân
dat bloed stoart hat oer fjild en berch,
oer ’t folk dat eare frjemde goaden,
hat myn namme sa ûntwijd,
Ik hie it mei dit folk wol hân,
mar om de eare fan myn namme,
dêr’t it heidenfolk oer spotte,
helje Ik jim út ’e frjemdte wei,
sa wurdt myn namme hillige,
myn folk sil him dan skamje,
bringt yn ’t lân wat nijs ta stân:
beplante grûn yn plak fan woestenij,
bewenne stêden út it pún ferriisd,
in lân as wie ’t it hôf fan Eden.’

Sa spriek de Hear oer Israel,
syn fjild en berch wie wer yn tel.

Yllustraasje ‘Hôf fan Eden’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum