juni 22, 2024
fan ûnbekend*
Ezechiël
Ik moast wer profetearje
fan de Heare oer foarst Gog.
God nimt Gog by de leie
en driuwt him út it noarden wei.
De bôge slacht Hy him út
hannen, dat gjin pylk treft doel.
Syn fal komt op ’e bergen,
foar de bisten wurdt er foer.
Dan komt folk Israel foar
’t ljocht en stookt de wapens op.
It sammelet de liken,
dat it lân wer suver wurdt.
It offermiel foar bisten
sil bestean út fleis en bloed.
Sa wurde alle fjochters
wei, brekt oan de Hear syn dei.
* Yllustraasje ‘Symboalyske ûndergong’
juni 20, 2024
fan ûnbekend*
Ezechiël
De Heare stiek Gog yn de holle:
‘Ik tsjoch op tsjin Israel,
it lân dat samar iepenleit,
ik kom dat folkje oer it mad,
dat fredich wennet sûnder muorre,
‘k sil goud en sulver plonderje,
want wêr is harren God?’
De Heare brânt fan leafde foar syn
folk, fan grime foar foarst Gog,
dy’t trillet fan it skodzjen fan
de grûn fan Israel lykas
de fisken, fûgels, wylde bisten
en alle minsken yn it lân,
de striid brekt dan ek los.
Gog krijt de heilbui op ’e holle,
fjoer en swevel komme del,
wat alles oer Gods rjochtdei seit,
mei pest en bloed ferrint Gogs lot.
* Foto ‘Heilbui’