Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Daniël en de draak

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

De kening eare ek de draak,
dy’t yn Babylon as ôfgod libbe,
Daniël kriich doe deselde taak,
mar gie foar him net troch de knibbels.

Image

Hy makke boltsjes foar it bist:
pik en fet en hier, ’t wie net te iten,
fuorre doe de ôfgod mei in list,
de knal klonk troch de hiele krite.

Twa goaden dea, it folk wie poer,
balte revolúsje mei ien mûle,
dat de foarst besleat ta minskefoer:
de ôfgodsdeader yn de kûle!

Gjin liuw kaam Daniël tenei;
nei de kûle moast wol bôle komme,
Habakuk fleach mei de ingel mei,
de liuwen seagen ’t oan, ferstomme.

Image

De foarst kaam op ‘e sânde dei…
yn de rou, mar Daniël wie like
libben as tefoaren, gie syn wei
rjochtop en sûnder ôf te wiken.

* Yllustraasje ‘Daniël, de kening en de draak’

** Yllustraasje ‘Daniël, de ingel en Habakuk’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum