Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Flak by it wetter

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ut ‘e lichte fan it flakke lân
hat Fryslâns folk de dyk opwurpen,
grien fan hoop en hichte om sa stân
te hâlden tsjin de floed en weagen,
hege meunsterkoppen op ‘e loer.

Image

Mar it Fryske folk hat rêst noch doer,
want nêst de Grienedyk wurdt groeven
nei de djipte fan de drokte oer:
de rêst fan op ‘e kanorûte,
glidend by de markolnêsten lâns.

Image

Modderhichten freegje net in krâns,
mar wol om kreas ferfierd te wurden
neffens de tradysje fan it flak
fan ’t skûtsje op ‘e kanorûte…
en dêr fart de fracht dan yn balâns.

admin

Febrewarisdei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De winter loek syn wiete spoaren
ûnder loften sûnder iepening
foar romjend waaien troch it noarden
nei it easten, dat it hoopjend laach
fersonk ta depressiveling.

Image

De hoop belibbet by ’t lemieren
’t reade gloeien fan in kâlde wyn,
’t ûnthjit fan spanning yn de spieren,
hege druk, ûntlading op ‘e laach
dy’t glidend liedt de fierte yn.

Image

It ljocht strykt fuort de lêste skaden
foar de skientme fan de winter wei
en lûkt oer ryp en iis de paden
dy’t rinne oer in fierste tinne laach
op dizze febrewarisdei.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum