Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Djoere jonges

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Image

It kaam sels op ‘e NijsTV,
in skûtsjewedstriid foar de yndustry,
mar net foar wurkers op ‘e flier,
wol foar de top, foar dy en dy,
sa’n netwurk wie foar Fryslâns rom okay.

Se hieten captains, ’t koe net oars,
it moast de wrâld oer, oars die men net mei;
in Fryske skipper joech gjin sier,
’t gewoane túch, dêr seach er nei
en snúfde taanlucht mei in skerpe noas.

De captains kamen op ‘e kost
foar fjirtichtûzen, ynklusyf ME,
wat joech oan ’t spultsje slach en sier,
dat netwurk wie sa wol okay,
wa wit kriich elke Fries in hege post.

Dêr koe wol by in skipperspet
foar Albert Heijn fan captain Lodewyk,
it kopstik moast doe noch yn ’t spier
en rekkene himsels al ryk,
mar wûn de striid op Fryslâns wetter net.

Image

admin

Wat is in skûtsje?

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1991

Image

It libben freget om it grutste,
want de berntsjes groeie ek as koal,
in miljonêr is grutsk op syn miljoen
en memke ierde rint fan poal oant poal,
it grutste skûtsje sylt it hurdste,
wurdt sels sûnder roer wol kampioen.

Doe gie de izerseage troch it stiel,
in stik dertusken, gjin probleem, akkoart!
Noch trije reuzeskippen sylden yn de float,
de fraach waard: hat it skûtsje noch in siel?

Beslút:
De sielfraach freget om in definysje
foar’t de skippers seil en fok wer hysje.

It Fryske skûtsje is gjin klipper,
ek gjin tsjalk of pream of Lemster aak
en hielendal gjin iepen jacht of plút,
mar wat dan wol? De sielfraach waard in saak
fan freegje dat mar oan de skipper:
‘Hysje seil en fok!’ wie syn beslút.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum