Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Ballade fan de Groene Draeck 2

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It keningsskip lei yn de Potten
út ‘e wei foar sneupend folk,
nijsgjirrich nei yntime bylden,
mar it lei wol yn in kolk
fan swellen boppe, ûnder rotten.

It prinslik pear socht it yntime
mei de trije bern yn ’t nêst
fier fan de fjurrich kleure draken,
flitsend jeiend op ‘e rêst
fan swellen boppe yn de skimer.

De Groene Draeck lei by de hutte
dêr’t de driften spylje op
fan geilens fjurrich as de draken,
jeiend nei de heechste top,
as rotten swaaiend mei de sturten.

Sjedêr de flecht fan ’t pearke swellen,
yn de snaffel spul foar ’t nêst
dat boud waard op ‘e geile wurden,
flitsend jeiend sûnder rêst
om ’t prinslik pear wat te fertellen.

Image

admin

Ballade fan de Groene Draeck 1

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Groene Draeck, it skip fan wide see
mei trije mêsten en sân seilen
fleach as op ‘e wjukken fan in draak
oer hege weagen, om te fjochtsjen ree
foar heitelân en keapmans saak.

Njoggentich matroazen foar de feart
en tritich musketiers foar ’t sjitten
fan kanonnen bolderjend op ’t dek,
sa wie de Groene Draeck alhiel by steat
om ta te bringen kapers brek.

Image

Foaroan spuide Groene Draeck it fjoer
as lieder fan it Maaseskader
brûzjend achter elke kaper oan
mei ’t each op dunen en de tsjerketoer
dêr’t rôvers sieten op ‘e troan.

Njoggentich matroazen foar de feart
en tritich musketiers foar ’t sjitten
foeren ek mei Kryst, op Aldjiersjûn
wylst langstme yn de holle herten skeat
as kûgel fan wol tritich pûn.

’t Needlot hat de Groene Draeck berûn:
in kûgel trof Piet Heyn syn libben
wylst er ’t skip befoer as admiraal
en doe’t de draak berûn de Sieuske grûn,
wie dat de ein fan it ferhaal.

Image

Yllustraasjes út ‘De Groene Draeck’, skreaun troch W. Voorbeijtel Cannenburg

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum