Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Finish

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1996

Image

Se binne troch de finish
mei de wetterpoarte yn it seil,
de manlju rjocht oerein,
’t is wis dat Snits de bêste is,
in optein wurd, lykwols net steil.

Berikt wurdt nea de finish
fan it hiele spul is maksimaal,
it komt net ta de ein,
’t is wis dat wurk it bêste is,
sa spriek de skipper* kleare taal.

De liuw kaam troch de finish,
net as skûtsjekampioen, wol mei
’t ûnthjit foar takom jier,
’t is wis dat Ljouwert der dan is,
in twadde plak wiist dêr al nei.

* Douwe Visser

admin

Feanplús

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De fjilden binne weagjend wyt,
mar lit it warber hânwurk thús,
want rispje is gjin opsje,
earst moat wol syn skientme kwyt,
dan dûnset op ‘e wyn it plús.

De stâle draacht as lea de kop
dy’t heech stekt mei it each op wyn,
want weagje is in opsje,
foar wa’t loslit, wurdt it top
of flop, wol mei de gong deryn.

De geast waait wêr’t er hinne wol,
mar toevet by it wite fjild,
want ienheid is de opsje,
earst fan groei en skientme fol
foardat de wyn it plús optilt.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum