Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Frjemd geweld as straf

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

In stim klonk út ‘e fierte wei
foar wa’t it strange oardiel trochjaan moast:
de godsman Habakuk;
it wie in boadskip dat it leed oansei
troch ’t leger út it easten mei syn foarst:

Ut it easten rop Ik harren op,
Chaldeeërs, in grimmitich folk.

Fan dat skaai giet út in wrede rop,
in wredens skerper as in dolk.

Hynders lykas panters stowe oan,
as steppewolven fluch en fûl.

Ruters fleane út ‘e nacht de moarn
yn, streekrjocht ôf op harren doel.

Wa’t de macht hat, sette se foar gek,
it lot fan keningen is spot.

Dat gjin foarst dy’t harren macht ferbrekt,
wat har de krêft jout, is in god.

Yllustraasje ‘Profeet Habakuk’   

 

admin

Klacht fan Habakuk

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Donatello*

Hy wie profeet, mar net ferneamd
yn eigen tiid en letter ûnbekend,
syn namme: Habakuk;
it ûnrjocht hat er by de namme neamd,
de wrâld wie rûnom oan it kweade wend.

Image

Net inkeld klage Habakuk
it ûnrjocht oan, syn klacht trof ek de Hear:

Wêrom litte Jo my ûnrjocht sjen,
Jo sjogge dochs it kweade ek?

Wêrom giet de krêft fan wet ferlern
en stiet rjochtfeardigens foar gek?

Hoe lang rop ik al jo bystân yn,
hoewol’t ik skreau, Jo hearre net.

Om my hinne raast in kweade wyn,
mar fan jo stim ha ik ferlet.

Sa klonk de klacht fan Habakuk,
want as profeet gie hy oer dieden gear.

* Donatello (1409-1442)
Moarmeren byld ‘Profeet Habakuk’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum