Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ierdske ingels

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It barde op dyselde dei
dat elk wat hie mei it hielal,
om’t dêr op ’t lêst de takomst lei,
de ierde stie nei-oan de fal.

Image

De beammen wiene op dy dei
al jierren keal, gjin grien te sjen,
de loft die oan de wanhoop mei:
troch tsjuster like ljocht ferlern.

Al hie de ierde dan sawat
dy dei de lêste siken jûn,
’t hielal joech lucht, sa kaam it dat
in stjer de wûnen rap ferbûn.

Image

Wat is ien ingel yn de nacht?
Hy wie by ’t minskdom net yn tel,
it seach mear yn in legermacht,
’t kaam op de hiele kosmos del.

Doe fleagen swarte ingels oan
mei ’t boadskip hoe’t de ierde is:
sjoch hoe’t de nacht rint nei de moarn,
wy falle net, dat is wol wis.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum