Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Rikjend sile

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1999

Image

It is de wedstriid fan de sigaret:
wêr giet de reek no hinne,
want de skipper wit it net,
de wyn wurdt fretten troch de sinne.

De Jouwer, nûmer ien yn ’t klassemint,
kin sûnder wyn net rinne,
dus jout reek korrekt de hint
foar ‘Oeral thús’: dêr moatsto hinne.

De reekplom driuwt it skûtsje nei de top,
de kâns om hjoed te winnen,
mar de Pan komt kop oan kop,
mei boom en loete wurdt it stinnen.

Image

De lêste boei, no noch it lytse rak,
de liuw driuwt rap derhinne,
wylst de Pan leit lang foar blak,
de reek lit ‘Oeral thús’ net winne.

 

admin

Sinsfertsjustering

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut skûtsje-argyf 1999

Image

Sjoch hoe’t de moanne it te sizzen hie
mei ’t lûken fan in heale ring,
de liuw-kommisje wie rap út ‘e rie:
in lette start nei sinsfertsjustering.

De skûtsje-liuw woe nei it sinneljocht
en tocht yn it begjin: ik spring
deryn, net wittend oft it koe of mocht,
dus kaam op Grou in dekfertsjustering.

Image

De Lemmer sylde sterk op ’t eigen wiet
en liet de liuw de spegel sjen
sa’t mei sljochtsinnigens op ’t wetter giet,
de earste slach wie foar de liuw ferlern.

De twadde kaam op ’t droege hurder oan,
de sjuery fûn ’t in nuver ding:
de liuw as kening op ‘e Grouster troan,
dus kaam der wer in sinsfertsjustering.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum