Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Oeral thús

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2000

Image

In skipper, oeral thús, kin switche,
mar it wie nea earder bard,
dat Anne* gie foar in primeur;
De Jouwer hat him earst net ward,
Langwar kriich grien foar de transfer.

In boargemaster** kin ek switche,
fan kommisje ien nei twa
en ek werom, dêr gie er foar;
De Jouwer woe him net mear ha,
dus nei Langwar, sa klonk yn koar.

De boargemaster en de skipper
hiene beide in primeur:
se kamen foar Langwar yn ’t spier
en woene ôf fan dat geseur,
want rare praatsjes klonken fier.

Image
Friesland Post july 2000

* Anne Tjerkstra
* Bert Kuiper, boargemaster fan Skarsterlân

admin

Gjin progresje

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2000

Image

Jehannes* woe wol sile,
mar dan hurd en progressyf,
dat wie wat der doe spile,
beide poaten hold er stiif.

Op Drachten wie de namme
Hoekstra as in âld geskink,
Jehannes waard beskamme,
mar net troch de namme Mink.

Jehannes waard net lêste,
mar woe wol nei nûmer sân,
progresje dus, net rêste:
boar en hammer yn de hân.

De bazen woene stadich,
want it âlde moast net wei
en boppedat gie ’t aardich,
net in al te grutte draai.

Jehannes woe net draaie,
hold de beide poaten rjocht,
liet al it âlde waaie,
seach yn nûmer sân gjin ljocht.

* Jehannes Mink

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum