Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Dûbele transfer

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

Elk skûtsje ûnderfynt wol dips,
faak giet it om it lêste plak,
dan wol it skip net rinne
of de skipper sylt net neffens ’t fak…
hoe wie dat by Philips?

Philips hie mannich skûtsje hân
en tûke skippers by de fleet,
mar ’t kaam wol oan op winnen,
dan mar nei de konkurrint* by need,
dy holp wol út ‘e brân.

Image

’t Wie Jitze** dy’t de oerstap die,
woe wol syn eigen skip mei ha
om better út te trimmen
nei de winst en ’t kampioenskip ta…
Philips wie út ‘e rie.

It wie in spultsje skip foar skip:
it âlde nei de konkurrint
om dêr mei winst te glimmen;
ruilje waard it ynstrumint
foar ’t silen nei in dip.

Image

* IFKS
** Jitze Grondsma

admin

Kosmetysk stiel

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

De Snitsers sakken troch it dek,
want rust hie ’t stiel ferfretten,
dat de skipper miste syn hâldfêst
en sûnder skrep wie ’t al te gek,
gjin poat koe hy fersette.

Se lasken ’t nije achterdek
en lieten dat net witte
oan de mannen fan ‘wy hâlde fêst
oan ’t âlde’, soks wie al te gek
en sneu fan al dat switten.

De fraach wie: moast it der wer út
of koe it sitten bliuwe?
’t Snitser skuldferhaal joech it hâldfêst:
kosmetysk stiel wie ’t einbeslút,
mar bleau de Pan dan driuwen?

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum