Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Stjonkende wurden

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

It soe no heve, ’t koe net misse,
want de Poep gie nei Langwar,
al legindarysk kampioen,
it wie foar ’t doarp de bêste kar
en nijs dat troch hiel Fryslân rûn.

In supermerk koe it wol misse,
sponsorjild foar seil en fok,
C-1000 roek de klantestream,
want op in boarrel is ’t in slok,
de konkurrinsje rekke earm.

De makker koe ’t sa gau net rêde,
dus in fokje waard earst jûn
om sa te driuwen nei de start;
de Poep hie noch gjin wedstriid wûn
mei ’t heale túch, it foarste part.

By grutjild hearre grutte wurden,
want it stjonkt net yn it rûn,
de âlde Poep hold it noch yn:
‘It doel… Langwar wurdt kampioen!’
It wurd ferwaaide op ‘e wyn.

Image

admin

Dûbele transfer

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

Elk skûtsje ûnderfynt wol dips,
faak giet it om it lêste plak,
dan wol it skip net rinne
of de skipper sylt net neffens ’t fak…
hoe wie dat by Philips?

Philips hie mannich skûtsje hân
en tûke skippers by de fleet,
mar ’t kaam wol oan op winnen,
dan mar nei de konkurrint* by need,
dy holp wol út ‘e brân.

Image

’t Wie Jitze** dy’t de oerstap die,
woe wol syn eigen skip mei ha
om better út te trimmen
nei de winst en ’t kampioenskip ta…
Philips wie út ‘e rie.

It wie in spultsje skip foar skip:
it âlde nei de konkurrint
om dêr mei winst te glimmen;
ruilje waard it ynstrumint
foar ’t silen nei in dip.

Image

* IFKS
** Jitze Grondsma

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum