Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Flits of skou

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

Image

Der stiet gjin wyn, it is te nau,
it klamme swit dript op it roer,
hy leit oer bakboard, draaie bliksem!
Earnewâldster silen is in toer,
behalve mei in flits of skou.

Hiel Earnewâld is hjoed yn tou,
it eigen skûtsje moat foaroan,
dus sile as de hjitte bliksem,
mar as tolfde is it spul bedoarn:
‘Jou ús dan mar in flits of skou!’

It Hearrenfean wol fierste gau
foarby de ploech fan Loadewyk*,
gjin bak- of stjoerboard, ’t kin net bliksem!
’t Brike roer wurdt Allards** ûngelyk:
‘Stjoer do mar yn in flits of skou!’

Image

* Loadewyk Meeter
** Allard Sijperda

admin

Konsintraasje

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

Image

As ’t seil noch op ‘e lûken leit,
de skûtsjes glide fan de wâl,
dan leit ek rêst oer de bemanning,
benammen om’t it amper waait,
it twirket fan ûntspanning.

Mar krûpt it seil op by de mêst
en rinne skoaten troch it blok,
dan is it skipsfolk yn beweging,
foar Mink in gok, foar Zwaga lok,
de spanning jout ferheging.

As foar de wyn it seil út stiet,
de loete hâldt grip op ‘e fok,
dan hearsket folle konsintraasje
fan swiere liere oant de nok,
dat Allard* wint mei graasje.

Image

* Allard Sijperda

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum