Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Op ‘e hûd

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

As de dagen rinne nei de ein
fan ’t jier, ferrinne yn de kjeld
fan ’t fjurrich langstme,
dan is ’t lêste noch net sein,
want sjoch wat boppe ús fertelt.

Yn de hichte hinget ’t wite guod
te droegjen, stiif fan ’t froastich waar:
’t ferhaal fan Dickens,
dat troch jas en kile skuort,
sa rint de bleate hûd gefaar.

Strûp dan oan ’t nostalgysk ûnderguod,
al is it ek noch klam en hurd,
en spylje sels de
rol fan fier by ’t krystbern fuort,
sa komt de die tichtby it wurd.

Image
Stanislaw Kmiecik

admin

Bôle foar kryst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy hat de hichte socht
mei útsicht op ‘e beam
dy’t sicht jout op in kryst
as yn in minskedream:
in toppunt yn it wyt.

Mar ’t hat him oars net brocht
as hichte om te sjen
wêr’t âlde bôle struid
wurdt, dat gjin krom ferlern
giet yn de lege tiid.

Dy’t lykwols leger fljocht,
sjocht by it minskeguod
al gau it hiele stik;
hy giet der net mei fuort,
is krystbol mei wat wyt.
Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum