Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Skier útsicht

Lyrysk Deiboek

 

PDF Print E-mail
It wie safier,
de nacht hie ’t ryklik jûn,
de rider wie de wrâld te ryk,
mar hie syn wille grûn?

Image

It like wier,
Hidaard wie wyt om ’t liif,
de rider socht syn grut gelyk,
de stoppels stiene stiif.

’t Wie mear as sier,
de fuorgen leine ticht;
de rider seach it as in blyk
fan fier is straks it sicht.

Gjin mins of dier
wie yn Hidaard te sjen;
de rider rûn rap oer de dyk
en tocht: it friest, dus ’t kin.

Image

Hy wie net swier,
dy swarte kat op ’t iis;
de rider seach syn ûngelyk:
dertroch, it waar waard griis.

admin

Dea of slaaf

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Doede wie út Starum kommen,
want de hannel wie him neat,
de iel woe mar net rinne,
fong men ien, dan wie ’t ferkeard,
dat fiskjen koe him neat mear bomme.

Doede seach ’t yn Snits wol sitten,
want de haadstêd lokke folk,
dat rap rûn hy derhinne,
foar wat âlds wie Doede tolk,
soks soe hy sjongend witte litte.

Hiel Súdwestergo soe ’t hearre:
‘Rêstich rinne, gjin gedraaf
en bliuw sa’t wy hjir binne,
leaver dea as Snitser slaaf,
mar’t alderleafst hjoed noch net stjerre.’

Image

Laitsjend skodde hy syn fearren,
pappegaaide: ‘Ik bin braaf,
leafst net dea, mar slimme slaaf.’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum