Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Reisliedster

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Fan beide kanten is ’t ferbean,
mar wêrom soe ’t net meie
as se om de kûlen hinne rydt?
En komt de plysje, sy bliuwt stean
en sil der net omhinne draaie.

Se wennet simmers op it skip
en moat in flink ein fytse
fan de fûgelhut nei skoalle ta,
mar sa op reis fynt se wol hip,
sy heart net langer by de lytsen.

Sa ûnderweis hat se wol praat,
ropt earst: ‘Moai waar te rinnen,
net?’ Dan komt har eigen reisferslach
fan skoalletoets oant Tim as maat,
fereale wêze moat dochs kinne!

En dan, ’t is wier, ’t leit yn har aard:
op reis en oeral hinne,
liedster mei har Tim as topsongmaat.Image

admin

Kealslach

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hoe lang al steane se oerein
mei rjochte rêch, de koppen heech,
as wachters oer it lege gea;
yn swiere stoarm en fûle rein
ha sy net bûgd de âlde lea,
mar hjoed de dei is ’t libben dreech.

Yn plak fan earmen kaam it stiel,
de poaten, rustich boppe drek
en wetter, foar in sterk hâldfêst;
de earmen wurde ûnderdiel:
it deade ûnder wetter stek,
mar boppe hat it libben lêst.

Hoe lang noch steane se oerein
as stiel en stien de hichte ha
om as tirannen oer de wrâld
te hearskjen, dan is ’t grien ferslein
en giet it op ‘e kealslach ta,
dan wurdt it libben net mear âld.Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum