november 5, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
fan Pietro Longhi*
Fenetië, stêd mei wetter nei de wrâld, de bloeitiid is foargoed foarby, de tiid fan skippen oeral hinne; de fûneminten binne âld, derboppe wurdt net boud foar nij, de rike sil der nea oan wenne. Fenetië, republyk mei minder macht, Fenetië, hearen, dames fan it jild, * Pietro Longhi (1702-1785) |
november 5, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
fan Albert Cuyp*
Yn it lege gea fan de rivieren lei de stêd dy’t heech fan bou en mêst yn bloei stie fan de keapmansgeast; de skippen leine oan de kaden fêst om mear as inkeld dak en loft te sieren. Nei in julydei fan hjitte oeren Flitsend skeat it fjoer troch grauwe wolken, * Albert Cuyp (1620-1691) |