Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Iere oaljefant

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie in hjerstmoarn en noch tsjuster,
mar gewoante brocht my op ‘en paad
troch ’t lânskip fan de Grienedyk,
in healjier lang myn hege maat,
dy’t klonk: ‘Do rekkest my net bjuster.’

’t Wie wier, ik stapte troch de bochten
mei it each op ’t easten, dêr’t de kym
al kleure oan it bloed allyk,
it wie as in gedicht op rym,
dat klonk: ‘Wat sjochst tsjin al dy ljochten?’

It Galgelân lei yn de fierte
as sinister oard foar moardners lot,
lang swaaide op ‘e wyn syn lyk,
ik seach lykwols tsjin ’t ljocht net wat
doe klonk: ‘Lit hjoed de galge sjitte.’

’t Wie wier, ik moast net nei ’t ferline,
mar it sykje yn de fauna, want
soks paste by de Grienedyk,
ynienen seach ‘k in oaljefant,
dy’t klonk: ‘Sels hjir kinsto my fine.’

Image

admin

Fatale flecht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
In ûndergrûnsk bestean is ’t ideaal
fan ’t folk dat neamd wurdt Mol,
it brûkt allinnich moddertaal,
dy’t klinkt troch gong en hol.

Image

De modder foarmet al fan bern ôf oan
it jongfolk dat wol wol,
mar ien woe oars as pubersoan,
hy wie fan fleanen fol.

Hy fleach de hiele nacht fan gong nei hol,
troch modder as in boar,
mar dêr gie gau al ôf de lol,
dêr wie er puber foar.

Se hiene him it modderwrotten leard,
de grûn stie samar bol,
de flecht dêrby wie net ferkeard,
dus skeat er út syn hol.

De faasje nei it ljocht waard him fataal,
út wie syn stoere rol,
nea spriek er wer de moddertaal,
dêr lei de pubermol.Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum