november 6, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
fan Viktor Vasnetsov*
In libbenlang al yn Sint Petersburch yn ’t hûs dat sy wurdearren as feilich honk mei harren hûn, trou oan elkoar ferbûn, dêr woene sy ek stjerre. No binne se ynein fan ’t sjouwen, te wurch De Neva streamt net mear, mar leit foar dea, De takomst skrynt har troch de skrouske lea * Viktor Vasnetsov (1848-1926) |
november 6, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
fan Giorgio de Chirico*
It lânkip is al frjemd fan kleur en foarm mei reade beammen, blauwe bergen en it hege bouwurk keal klassyk. Wêr is de werklikheid as noarm? De regels dêrfan binne ferge. It stânbyld foar it lânskip foarmet skril Ferfrjemding waret om de lege toer * Giorgio de Chirico (1899-?) |