Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sirkus Renz

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It skimeret tusken ’t wyt fan piipkrûd
en beammen yn de maitiidspronk:
it felle read fan brûs- en siedbloed,
mar diskear sûnder Fryske fonk.

It tintdoek leit noch yn de slomme
fan iere maitiidssinneskyn,
wylst swijt de Renzer opkomtromme,
de clown hâldt lang de siken yn.

De oaljefant syn keunststoflaitsjen
klinkt stom oer ’t yndustryterrein,
wat moat er der noch mear fan meitsje
as deastil keunstke op in wein?

Image

Want fan ‘e middei sil it heve,
dan slacht it doek foar master op,
de tromme lit it sirkus sweve,
it brûzjend bloed berikt de top.

Mar moarn is alles wer besakke
en komt de reade tinte del,
de clown moat wer syn noas ynpakke,
sa withoefaak, ferjit de tel.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum