Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Swingende kleuren

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se binne fan de stam ôfsnien,
de lidden dy’t it offer bringe
foar it nije libben dat mei grien
de maitiid kleurje sil, nei’t triedden
giel en read, bewegend op ‘e wyn,
it stomoal útstruid ha en swingend
noch wat dûnsje as it neispul yn
in tiid dy’t siket om de midden
fan in kâlde nacht en sinneskyn…

Image

… en yn de moarntiid leit ynienen
op it paad wat hat it swingend dien,
wylst snie besiket al it griene
fan de wrâld te wiskjen, mar ’t is skyn:
de kleuren sille ’t wyt ferkringe.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum