Nei oanlieding fan de lêzing fan 
dr. S. Ypma oer in joadske fisy 
op Jezus op 16 febrewaris 2006 
yn de tsjerke fan Itens
Hy kaam fan ’t eilân Skylge, 
twa evangeeljes brocht er mei, 
it iene wie fan jutters, 
it oare wie wat Jezus sei.
Earst hold er foar de preekstoel 
in folle plastic sek omheech, 
gjinien wist noch it sprekdoel, 
it skôgjen makke ’t minder dreech. 
Want wat ús kaam foar eagen, 
wie ien pear dweiltrochwiete skuon, 
dy’t op it strân ta weagen, 
hiel Skylge wist der daliks fan. 
  
In skip, yn stoarmwaar rekke, 
ferlear containers by de fleet, 
de Skylgers, ek dy rekken 
sterk op ‘e drift, mar net yn need. 
Doe hat dy Skylger dûmny 
yn Itens hiel wat oars ferteld: 
wat man der yn it rom wie, 
dy’t fiskers makken ta in held. 
Hy lei dêr djip te sliepen, 
wylst stoarmich waar ûntnaam it sicht 
oan fiskers yn har iepen 
boat, reitsjend eangstich op ‘e drift. 
Doe kaam er kalm nei boppen 
en lei de see it swijen op, 
hy hoegde net te roppen, 
syn sizzen koe gjin drift tsjinop. 
  
Mar tweintich ieuwen letter, 
doe’t Skylgers rekken op ‘e drift, 
bleau Jezus ûnder wetter 
fanwege skuon mei slangegif.  |