Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hjir stean ik dan

Keunst
PDF Print E-mail
fan Donatello*

Image

Hjir stean ik dan, ik ha it rêden,
neaken, mar mei eare klaaid,
begûn as sljochte hoedersjonge,
dy’t in liuw de wierheid sei,
om dêrnei foar de skiep te sjongen;
roppen út it fjild troch de profeet,
dy’t keningsoalje oer my geat;
ik wie noch jong en ûnbefongen,
mar seach it leger al yn need,
it gie dêr op ‘e kop ferkeard
troch Goliat syn flokkend bearen,
wat my rekke yn it moed;
in stien is yn syn harsens slein,
sa koe ‘k it needlot keare;
mei syn eigen swurd ha ik foargoed
de rûge reus de wierheid sein;
hjir stean ik dan, ik ha it rêden
dat de kweamacht ûnder leit.

Image

Hjir stean ik dan as wie ‘k fertrêde,
delslein, fodzich, bleat fan geast
nei in bestean om fan te skriemen
oant de dei dat foar it earst
ien seach dat ik mysels fergriemde;
roppen waard ik doe troch de profeet,
dy’t oalje op myn wûnen geat,
hy hat my út ‘e delte rêden.

* Donatello (1386-1466)
Brûnzen byld ‘David’
Houten byld ‘Maria Magdalena’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum