Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Goadinne of hoer

Keunst
PDF Print E-mail
fan Titiaan*
fan Edouard Manet**

Image

’t Moat kinne, ’t kreaze neaken,
teminsten as it Venus is,
goadinne fan de leafde,
goaden binne hjirfan wis:
foar ús is sy it beaken.

Sy hâlde op dat beaken
oan, want it skeelt har net in moer,
omdat it giet om leafde:
nee, ús Venus is gjin hoer,
wy sakje wei yn ’t weake.

Mar ’t beaken is feroare
as ’t bleate fan Olympia
mei orchidee en slipper
fize skôgers glimket ta:
soks kin ús net bekoare.

Ek noch in negerinne
mei blommen, no is ’t harren oer,
in wite en in swarte,
beide spylje grif foar hoer:
wêr geane wy sa hinne?

Image

* Titiaan (sirka 1485-1576)
stie bekend as master-skilder,
de earste Fenetiaanske skilder
fan wrâldformaat.
Skilderij ‘Venus fan Urbino’

** Edouard Manet (1832-1883)
waard om syn neakenportretten
beskôge as de beruchtste keunstner
fan Frankryk.
Skilderij ‘Olympia’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum