| fan Dirk Bouts* 
 Se lizze as in tsjûgenis,it himd, de jas, de hoed,
 him fan de lea ôfskuord,
 want heve soe it, hjoed
 wie Hippolytus’ dea wol wis.
 Syn lea, oan fjouwer einen bûn,nei streken fan de wyn
 ta keard, ferlearen macht,
 mar wat oan krêft noch wûn,
 wie ’t leauwen boppe alle skyn.
 De hynders fielden dat wol oanen holden earst noch yn,
 doe klonk de rop fan ‘skuor’;
 gjin sicht op him, mar blyn
 troch ’t slaan en mei it each op moarn.
 Doe klonk gjin stim mear, inkeld ’t lûdfan hoeven en op ’t lêst
 it brekken fan de lea;
 ferskuorrend stil rûn ’t bloed
 en Hippolytus’ siel fûn rêst.
 * Dirk Bouts (?-1475),fan komôf Haarlemmer,
 skildere gjin hillige yn rêst
 lykas eardere keunstners,
 mar lijend oan de aksje
 fan de fjouwer boalen.
 Skilderij ‘De marteldea fan
 de hillige Hippolytus’
 
 |