Wat kin him feale kleuren bomme
of rotsoai yn it deade reid,
hy hat it wurk dien by syn breid
en leit al healwei yn de slomme.
Sy sit yn ’t reid al op twa aaien,
foar him wurdt dit in deade tiid,
yn jerken sit dan amper piid,
dochs hearst him oer sa’n sit net kleien.
Fansels, sa’n ding heart net yn ’t wetter,
mar driuwt dat sitplak der ienkear,
dan leit it foar de jerken klear,
de piid derút, de sit is better.
Wat hat dy swarte hjir te sykjen?
Diskriminaasje is it net,
de sit is neffens jerkewet,
it moat mei kleuren wol wat lykje.
|