Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Maitiidstint

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Tusken plastic, hout en stiel
begjint it miuwefolk de dei
mei syn toilet, kop yn de draai,
noch foar it moarntiidsmiel.

Hoeden rin ik der op ta,
se draaie op ‘e nij de kop,
gjinien fljocht foar myn stappen op,
se wolle wat ‘k net ha.

By it rjochtsjen fan de lins
begjint it koppedraaien wer,
no mei allueres fan in stjer,
foar eagen ha ‘k de mins.

Mar wannear’t de rop begjint
fan, nei in jier, it bûnte folk,
wurdt wei de wite miuwewolk…
wint net de maitiidstint?

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum