Ut it leger bin ik kommen 
troch de fredesdo fan bern 
dy’t fregen om in nije master, 
dus de oarloch gie ferlern, 
myn libben waard ferromme. 
Sa ferrûnen âlde tiden, 
kamen nije yn har plak 
dy’t fregen om in oare skoalle, 
foar de bern modern gerak 
om foar har plak te striden. 
Hjoed fûn plak de konfrontaasje 
mei’t de skoalle waard beset 
en tsjinst die as kommandosintrum, 
fan myn tsjinst wie gjin ferlet, 
te âld foar dizze naasje. 
 
  |