Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wjukwichtich

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It slagget fan de grûn te kommen
mei de krêft fan binnenút,
in sprong om hegerop te fearjen
mei ’t folsleine lykwicht ta beslút
en eareroffels fan de tromme.

Image

It slagge mei de pracht fan fearren,
wylst in spoar leit op ‘e grûn;
de gloarjegjalp fan selswurdearring
klinkt as lykwicht foar de trie yn ’t rûn…
hoe faak moat dy de paupronk hearre?

It slagge op ‘e keale tûken,
teistere troch waar en wyn,
in groepsportret mei sljochte fearren,
wichtich lykjend, stilstean is mar skyn,
straks sille sy de frijheid rûke.

Image

 

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum