Wurdt de Houkesleat in spegel
yn de winter dy’t net heevje wol,
dan giet it dûbelop:
gefoelens spylje elk in rol,
mar ’t is net neffens tiid of regel.
Dy twa mêsten litte witte
dat de skippers binne ûnder seil
en dreame dûbelop:
Op redens oer, de rider heil!
As earste oer de finish… sjitte!
Komme yn de spegel barsten,
dan bliuwt oer it skip yn glês-en-lead
mei ’t skynsel dûbelop,
de koers is nei de Houkesleat,
dêr’t trije skûtsjes skippers losten.
|