Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oan de line

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se ha in reade oergong boud
fier boppe ’t wetter fan de sulverfloat,
garânsje foar har ûndertrochgong,
foar de dyk en feart is ’t sa fertroud
mei ’t griene stimpel foar akkoart.

Wa is sa linich as de float?
De mêst yn, rûtsend rap der wer by del,
dat sûnder stimpel fan ynspeksjes;
wa’t benaud is, falt fansels fan board
en sakket stadich nei de hel.

Ien line koe it skipperslaach:
dy tusken skip en beage foar it boarst
om stap foar stap de fracht te lûken
troch de feart, it swit yn hier en kraach,
omdat it fan de stilte moast.

In sluting, bol en line, sa
wol hjoed de dei de wurkynspeksje ha.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum