Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De slak as profeet

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
’t Wie Douwe dy’t yn ’t lyts begûn,
net oars as mei in winkel op De Jouwer
yn de geast fan kommersjeel profeet,
de hân wie warber, ’t breinwurk sûn,
de kofje brún, DE as bouwer.

De kofje streamde oer de wrâld,
dat Sara Lee kriich ek de smaak te pakken
yn de geast fan alles sil globaal,
fan lyts nei grut, gjin bakje kâld,
de gong deryn, gjin plak foar slakken.

It foel net ta, Amearika
wie oars as tocht, gjin lân fan dream en winsken,
blinder dan mar Blenders mei DE,
dochs moat de top in bonus ha,
it lean is foar gewoane minsken.

Mar yn it gers, deun by de dyk,
leit fan de kofjereus in reade beker
mei de slak as iepenbier profeet:
it wurdt al oars yn ’t Blendersryk,
sjoch hoe’t er fret, sa is er preker.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum