Hy hat syn wein yn ’t fjild parkeard,
mar sels ferneart er rêst noch duer
yn ’t gea dêr’t hy op knibbels leit
omdat de stêd oer greiden beart:
fan sleat en gers nei ynfrastruktuer.
It is de wet fan hurde stien
oer ’t grien fungearjend as plamuer
om’t dy no ienkear better leit,
want ûnferhurd is rap fergien,
dus wreidzje út de ynfrastruktuer.
It platte komt noch wol oan bod
as ’t lân krijt fan de stêd in kuer,
wat seit dan noch in skiep of geit,
de nije skepping komt fan god:
de wegen fan de ynfrastruktuer.
De stêd krûpt stadich oer it gea,
in systerjende slang, ûnhuer
omdat er ’t fjild it near op leit;
hy knypt de boeren bliedend dea
út namme fan de ynfrastruktuer.
|