Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Byldzjend lijen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Käthe Kollwitz-Toren*

Image

Syn holle weaget op ‘e romp
swier fan in fier ferline,
’t antlit seit it inkeld domp
wat tinzen net mear fine.

Har holle bûcht fan ’t fielen swier
nei stiennen sûnder antlit,
tichte eagen sjogge fier,
lykwols der skynt gjin antwurd.

Dochs riist de soan wat fierder op,
in byld net om te gripen;
harkjend nei syn lêste rop,
glydt by har del de stipe.

Us Peter Kollwitz musketier,
it stiet yn stien gravearre
dat dyn dea is stjerrend wier,
kinsto ús byldrop hearre?

Syn earms ferskûlje ’t gûlend hert,
de hân klamt om de mouwe,
want him gripe kin er net,
allinnich om him rouwe.

Har kleed ploait om de sleine lea,
’t leed is yn earms bewuolle
en foar altyd hat syn dea
it memmehert bekuolle.

Twa bylden sizze troch de tiid
de wierheid fan it lijen,
stimmen fan de djippe striid
om wer hâldfêst te krijen.

Image

* Käthe Kollwitz-Toren (1867-1945)
wie de mem fan Peter,
dy’t as Dútske musketier
yn de sjitfuorge-striid omkaam
(22 op 23 oktober 1914).

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum