Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rekwiem

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It barde yn de wide wrâld,
om krekt te wêzen yn it fûgelgea,
sa tusken lêch en brieden;
watfoar fûgel fielt him dan te âld
om ’t jongfolk op te fieden,
mar dochs, in mieske fleach him dea.

Dêr leit er noch yn kleurepracht
op ’t suver wyt, lykwols wat jout it him
ast fan it libben skiede
moast en weiwurdst yn de neare nacht,
gjin hoop mear op ‘e ierde,
de himel sjongt it rekwiem:

Image

‘Lit ús bidde foar syn sielerêst,
hy waard noch heit en die syn bêst.’

Dêr sit er yn it stimmich swart,
as boade wjukket hy it deadsberjocht
de wrâld yn om te bieden
wissichheid, want ’t libben is mar koart
en sil nei ’t grêf ta liede,
mar ’t mieske hie noch net syn nocht:

Image

‘Lit ús wjukje foar syn frou op ’t nêst,
sy wurdt wer mem en docht har bêst.’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum