Zeus, de haadgod fan de Griken
kaam by syn Olympus del
op syk nei Hades, Snitser hel,
mei kreaze froulju sa’t it like.
Want yn Hades wol ’t net brâne
lykas yn in oare hel,
in Gryk hâldt dêr in ielglêd fel,
ek dames komme dêr telâne.
Zeus sonk hastich nei it djippe,
slij nei froulju as syn diel,
mar boppe kamen drek en iel,
in flok rûn oer de god syn lippen.
Kompensaasje joech de merke
fol mei dames, blank en bleat,
yn ’t rêd dat rap nei boppen skeat,
hold Zeus wol fjouwer yn syn flerken.
|