Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It putterke

Keunst
PDF Print E-mail
fan Carel Fabritius*

Image

De skilder lei de putter fêst
kleureigen op paniel,
de wjukken yn de rêst,
in punt as sinnestriel.

’t Paniel kaam yn in muorrekast,
as doar foldie it bêst,
sa’t alles naadleas past,
de putter dûbelfêst.

Se fongen him mei taaie lym
op ’t prikje by syn nêst,
syn jubelliet op rym,
dat hearden se foar ’t lêst.

It keunstke mei de fingerhoed,
sa put er flink syn foer,
mar fêst en dat foargoed,
dêr kin er mar min oer.

Hy sjocht syn freon, ek bûnt fan kleur,
dy klapte tsjin it rút,
mar ’t mieske fljocht mei fleur
de kant fan frijheid út.

Image

* Carel Fabritius (1622-1654) hat in skoft
by Rembrandt wurke, wat fan ynfloed wie
op syn wize fan skilderjen.
Hy hat ‘It putterke’ yn it jier fan syn dea skildere.
Op 12 oktober 1654 kaam er by de ûntploffing
fan in krûdmagazyn yn Delft om it libben.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum