Soms tinkt men it bliuwt altyd tsjuster 
mei de moanne as it iennichst ljocht 
dat skynt op ringen fan de tiid 
yn hout dat om de hichte socht, 
de klim fan juster. 
Mar hjoed ferskynt by it lemieren 
’t reade fan de kosmos as ûnthjit 
fan ’t rizen fan in nije tiid 
mei ien dy’t stjerren sjonge lit, 
wiswier de wiere. 
  
En op ‘e ierde rikke mêsten, 
bidlers om ’t ûnstjerlik kosmysk liet 
as wie de tiid yn ’t alderlêste. 
Safier is ’t net, hy kin noch rêste 
nei’t er fan ‘e moarn syn brochje iet, 
hoecht dagenlang noch net te festjen. 
 
  |